Festival Into the Great Wide Open yn in oere útferkocht

01 feb 2020 - 12:58

It muzykfestival Into the Great Wide Open op Flylân is yn in oere útferkocht. De kaartferkeap sette sneontemiddei om 12.00 oere útein.

Foto: Marleen Annema

Minsken dy't achter it net fiske hawwe, kinne har noch ynskriuwe op in wachtlist. Sy hearre yn it foarjier oft se dan noch in kaartsje bemachtigje kinne.

Into the Great Wide Open wurdt hâlden op Flylân fan 27 oant en mei 30 augustus.

(advertinsje)
(advertinsje)