Ynbrekker komt om nei fal fan flatgebou yn Ljouwert

01 feb 2020 - 17:15

In ynbrekker is dea oantroffen by in flatbegou yn Ljouwert. Hy soe fan de flat fallen wêze, doe't er besocht út te naaien. Dat meldt de plysje.

Freed om 19.00 oere hinne krige de plysje in melding fan in ynbraak op it dak fan in flat yn de Mondriaanstrjitte. Doe't de aginten arrivearren, joegen tsjûgen oan dat der op de boppeferdjipping mooglik ien wie.

Doe't de aginten kamen om te sjen, kaam der ek in melding binnen dat der in libbenleas lichem oantroffen wie yn deselde strjitte. It gebiet waard ôfsetten foar ûndersyk.

Fallen

De aginten troffen gjinien oan op de boppeferdjieping fan de flat. Ut it ûndersyk nei de deade man docht bliken dat de man dêr ynbrutsen hie. Doe't er besocht fan it dak ôf te kommen, is hy nei alle gedachten fallen. Neffens de plysje giet it om in 30-jierrige man út Ljouwert.

It ûndersyk nei de dea fan de man is ôfrûne, meldt de plysje. It lichem is oerdroegen oan de famylje. De plysje ûndersiket noch oft der meardere fertochten by de ynbraak belutsen wiene.

(advertinsje)
(advertinsje)