Ekstra jild foar 75 jier befrijing-projekten yn Noardeast-Fryslân

01 feb 2020 - 10:54

It is dit jier 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard. Boargers krije dêrom de romte om aktiviteiten op te setten om de frijheid te betinken en te fieren. Yn de gemeente Noardeast-Fryslân kamen sa'n soad subsydzjeoanfragen binnen fan minsken dy't yn it ramt fan 75 jier befrijing in aktiviteit organisearje wolle, dat de gemeente besletten hat ekstra jild beskikber te stellen.

Foto: Noardeast-Fryslân

De gemeente seit dat se mear as 40 oanfragen ûntfongen hat. Folle mear as ferwachte. De festiviteiten fariearje fan befrijingskonserten, toanielstikken en lêzingen oant kuiers. Om foldwaande rjocht te dwaan oan de inisjatyfnimmers stelde it kolleezje fan B&W dizze wike ekstra budzjet beskikber. De aktiviteiten fine plak yn ferskate plakken yn de gemeente.

(advertinsje)
(advertinsje)