Petysje FNP tsjin leechfleanrûte hast tûzen kear ûndertekene

Der is grutte ûnrêst ûntstien nei't Definsje oankundige wer gebrûk meitsje te wollen fan in leechfleanrûte oer it easten fan Fryslân. It foarnimmen is om opnij trainingsflechten út te fieren op in hichte fan 75 meter. Earder dizze wike iepene de FNP in petysje tsjin de fleanrûte en freed kaam de partij mei in model-protestbrief dy't streekrjocht nei it ministearje fan Definsje stjoerd wurde kin. De petysje is yntusken hast 1.000 kear ûndertekene.
De lâning fan de earste F-35 yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Der is in soad lilkens oer it opnij iepenjen fan de rûte. Yn 2002 is de rûte bûten gebrûk steld fanwegen lûdsoerlêst en gefaarlike situaasjes. "Dat is net feroare, dat is noch like aktueel. Sterker noch, de F-35 makket noch folle mear lawaai as de eardere F-16", seit Sijbe Knol fan de FNP.
It protest krige in soad omtinken fan Nederlânske media en de petysje hat yntusken hast 1.000 hantekens ophelle. Hoefolle minsken al gebrûk makke hawwe fan de protestbrief kin Knol net sizze. "Dêr ha ik gjin sicht op." Der komt benammen in soad protest fan doarpsbelangen, belange-organisaasjes en boargers.
"De modelbrief kinne minsken delhelje op ús webside, sawol yn it Hollânsk as yn it Frysk", leit Knol út. Se kinne de brief ynfolje nei harren eigen persoanlike situaasje en dêrmei by Den Haag en Definsje oanjaan dat se it der net mei iens binne.
© Omrop Fryslân
"We pakke se no op twa kanten. De petysje giet nei de Twadde Keamer, dus rjochting de polityk en it regear. De brieven gean streekrjocht nei de steatssekretaris fan Definsje. Dan wurdt it wol dúdlik dat minsken hjir net op sitte te wachtsjen."
Tiisdei is der in debat oer de fleanrûte yn de Twadde Keamer. "Wy binne fan doel om dêrnei mear publyksaksjes op te setten, om safolle mooglik minsken achter ús te krijen. As we neat dogge, witte we seker dat it trochgiet."
Sijbe Knol fan de FNP