Kollum: "De iiskening"

01 feb 2020 - 08:23

"Yn oktober 2013 sei reedrydcoach Jillert Anema dat dy Olympyske Spelen yn Sotsji leuk en aardich wienen, mar mocht der in Alvestêdetocht komme, dan soe syn BAM formaasje daliks weromgean nei Fryslân. Technysk direkteur fan de NOC*NSF Maurits Hendriks fûn dat Anema dat mar efkes útlizze moast, want sa'n útspraak koe neffens him net. It NOC*NSF stuts in soad jild yn de sport en dus wienen sy not amused.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Je kinne net om Jillert Anema hinne as je oer it riden ha. Langebaan en maraton, dêr leit syn hert. Shorttrack kin om Anema daliks wol fan de Olympyske aginda, sa sei hy yn 2017. Hy stelde dat as je mar hurd genôch traine, je sa fluch riden leare kinne dat it shorttrackbaantsje te lyts wurdt. "De Spelen zijn zwaar gedevalueerd door flauwekulsporten die er aan toegevoegd worden. Een grote schande. De Spelen zijn een overgewaardeerd toernooi, een momentopname", sei hy yn syn simmerske deiboek as coach fan team Clavis. Shorttrack Nederlân stie op syn achterste poaten.

Jillert Anema is net benaud om saken te beneamen. As hy fynt dat sportsjoernalisten fan de Omrop ramptoeristen binne omdat se allinnich om in reaksje freegje as hy mei syn team net wûn hat, dan seit Anema dat. As hy him ergeret oan bysinnen yn de skreaune parse dy't him besykje ta in karikatuer te meitsjen, sil er it net litte om dat te melden. Dat soarget foar wriuwing en dêr is Anema krekt op út. Syn ynterview yn Sotsji op CNBC dêr't er de flier oanfage mei American Football is legindarysk.

De lêste kear dat Jillert Anema tsjin it hier fan in soad reedrydbobo's ynstruts is noch net sa lang lyn. By de Omrop die er syn beklach oer de kalinder fan de riderij. Anema sei dat it reedriden in ferskriklik fak is 'dat bepaald wurdt troch minsken dy't ús earne hinne stjoere omdat se dan sels op de ien nei heechste ferdjipping fan in grut flatgebou sitte kinne, yn in hotel dêr't de boppeste ferdjipping in stripteaseklup is. Dat fine se moai.'

By de NOS seinen de tiidfolpraters Tuitert en Wennemars (wêrom't ik by dy beide altyd oan de twa Muppets Waldorf en Stadler tinke moat wit ik net) dat soks miskien wol sa wêze kin, mar dat je dat net sizze moatte soenen. De KNSB en de ISU neamden de útspraken 'ongepast'.

Erik Hulzebos, de man dy't syn hiele libben frustrearre bliuwe sil omdat er it op de Bonkefeart net winne koe fan sprútsjekening Henk Angenent, neamde Jillert Anema in ramp foar de sport.

Ik kin net alle prizen opneame dy't Jillert Anema mei syn sporters wûn hat yn de 25 jier dat hy coach is, want dan soe de kollum fierstente lang wurde. Wol is it sa dat minsken út de riderij dy't ik off the record sprek, en dat binne der wol in stik as wat, it yn de measte saken folslein mei Anema iens binne. It ferskil is dat hy it foar de kamera of op de radio doart te sizzen en net allinnich yn achterôfkeammerkes. Doe't myn heit noch libbe en mei in brutsen heup hjir yn it Feanster sikehûs lei, kaam Anema yn syn funksje as fysioterapeut sa no en dan efkes by him oan it bêd. 'Aardige keardel, kinst echt mei laitsje. Hy lult net om 'e kant', sei heit.

Heit syn minskekennis wie legindarysk."

(advertinsje)
(advertinsje)