Drachtster brânwacht rydt út foar brân yn ûndergrûnske kontener
De brânwacht moast yn de nacht fan freed op sneon útride foar brân yn in ûndergrûnkse kontener oan de Ringwei yn Drachten.
In ôffalkontener by de Aldi oan de Ringwei stie om 5.00 oere hinne flink te rikjen en in foarbygonger skeakele de brânwacht yn. Dy hat de kontener fol smiten mei wetter.
It is net bekend oft it om brânstichting giet.