De transferperioade foar Hearrenfean en Cambuur: "We staan er goed op"

01 feb 2020 - 06:30

Fjouwer nije spilers en trije dy't fuortgien binne: fat is de risping fan de winterske transferperioade foar SC Hearrenfean en SC Cambuur. De hiele moanne jannewaris koene fuotballers wer oerstappe fan de iene nei de oare klup. By beide Fryske klups wie it aardich rêstich: de Feansters tinnen de seleksje út, wylst de Ljouwerters dy just útwreiden.

Transfers SC Hearrenfean yn de winter

Yn Ut
Runnar Espejord (Tromsø) Nemanja Mihajlovic (Arka Gdynia)
Anders Dreyer (FC Midtjylland)
Emil Frederiksen (Sønderjyske, ferhierd)

Al foar de offisjele start fan de transferperioade makke SC Hearrenfean bekend dat it yn Runar Espejord in nije spits fûn. Dêr wie technysk manager Gerry Hamstra wiis mei: "We wilden heel graag een spits erbij, die hadden we half december. Dat was wel redelijk snel voor mekaar." In spits wie in grut doel, mar in oar grut doel wie de seleksje byinoar hâlde. "Dat is op Anders Dreyer na gelukt. Dat was toch wel een kleine teleurstelling."

Dreyer waard hierd fan Brighton, mar dy klup koe him wer trochferkeapje oan FC Midtjylland yn Denemarken. Dat barde, wêrtroch't Dreyer it Abe Lenstra Stadion ferliet. Hamstra hat noch wol om in oare bûtenspiler sjoen, mar: "Die opties waren te duur. We hebben ook nog naar huurconstructies gekeken, maar daar voelden we ons niet senang bij. Uiteindelijk hebben we gezegd: dit is de selectie, hier gaan we het mee doen."

Der binne neist Dreyer noch twa spilers fuortgien: Nemanja Mihajlovic en Emil Frederiksen. Mooglik dat ek Andreas Skovgaard noch fuortgiet. Wat is it einoardiel fan Hamstra wat dizze winterske transferperioade oanbelanget? "Het is relatief rustig gebleven, dat hadden we ook wel een beetje verwacht. De meeste jongens liggen ook langer vast."

Foto: Orange Pictures

Transfers SC Cambuur yn de winter

Yn Ut
Michael Breij (FC Groningen) Gjin spilers fuortgien
George McEachran (Chelsea, hierd)
Milan van Ewijk (ADO Den Haag, hierd)
Sam Hendriks (OH Leuven, hierd)

Ek de Ljouwerters sloegen de earste slach al oan de ein fan desimber. Michael Breij kaam oer fan FC Groningen. Dat is net de iennige middenfjilder dy't Cambuur hellet: ein jannewaris waard ek de komst fan George McEachran bekend makke. Hy wurdt hierd fan Chelsea. Neffens Foeke Booy, technysk manager by Cambuur, wie dat in 'buitenkansje': "Een jongen van de buitencategorie, die moesten we nemen. Nu heb je alles op het middenveld dubbel bezet."

De heechste prioriteit hie in rjochtsback. Dy waard úteinlik freedtemiddei fûn yn de persoan fan Milan van Ewijk. Ek hy wurdt hierd, fan ADO Den Haag. Cambuur wie der neffens Booy al in skoftsje mei oan de gong: "Een dag of tien geleden was het een 'no go'. Donderdag ging het een heel andere kant op. Het ging eigenlijk heel snel en vrijdagochtend vroeg is de kogel door de kerk gegaan."

Freedtejûn kaam dêr de komst fan Sam Hendriks ek noch by. De spits spile ferline jier ek al in oantal moannen foar Cambuur en komt no werom. Al mei al steane de giel-blauwen der no hiel aardich foar, neffens Booy: "Met de trainers hebben we goed overleg gehad waar we nog wat dunnetjes zaten. We staan er nu goed op." De beleanning folge freed: de opsje yn it kontrakt fan Booy sels is ljochte, wêrtroch't hy in jier langer ferbûn bliuwt oan Cambuur.

(advertinsje)
(advertinsje)