Robert Mühren: "Dit was de mooiste goal uit mijn carrière denk ik"

31 jan 2020 - 23:28

Sportklup Cambuur hat freedtejûn goede saken dien troch de oerwinning op NEC. De Ljouwerters wûnen mei 2-0 en bliuwe dêrtroch koprinner yn de earste difyzje. Trainer Henk de Jong wie dan ek hiel bliid mei de oerwinning. "Hast net ien wint hjir, NEC is gewoan in lestige ploech."

De grutte man oan de kant fan Cambuur wie spits Robert Mühren. Syn twadde doelpunt wie it moaiste, fûn de spits sels ek: "Dit is denk ik de mooiste goal uit mijn carrière. En hij was belangrijk. Al hadden we het iets makkelijker dan ik vooraf gedacht had."

'Nu verzilveren volgende week'

De 1-0 wie in befrijing foar de oanfaller út Volendam: "Daarna moeten zij komen, en dan krijgen wij ruimte in de omschakeling. En als de 2-0 dan op zo'n manier erin mag gaan, is dat genieten."

Troch de oerwinning liket it derop dat Cambuur de goeie foarm wer te pakken hat. "Absoluut waar. Na twee nederlagen hebben we vorige week de draad opgepakt. Nu moeten we het verzilveren volgende week."

"Wat in knappe oerwinning, mar wol hûndert persint terjochte." It mei dúdlik wêze, trainer Henk de Jong is tige optein mei de oerwinning fan syn Cambuur. "We hiene it goed ûnder kontrôle, mar we moasten der by harren wol trochhinne spylje. Yn it skoft ha ik sein, we moat dwaan bliuwe wat we dogge. Dan komt de goal fansels."

'Dizze oerwinning in ferfolch jaan'

De Jong seach dat Cambuur yn de twadde helte twa kear skoarde. Twa kear wie it spits Robert Mühren dy't de goal makke. Benammen de 2-0 wie in wrâldgoal. "Tsjin Robert sei ik, hy komt aanst in kear foar dyn fuotten. En dan makkest him. Mar dat hy sa'n wrâldgoal meitsje soe, hie ik ek net tocht. Geweldich."

Pas by de 2-0 koe Henk de Jong ûntspanne op de bank. "Ferline wike stie NEC 1-3 achter, en dan wurdt it 3-3. Mar net normaal hoe't Robert dan de 2-0 makket. Dit binne drege wedstriden, en no moatte we hiel skerp wêze. Dit moatte wy in ferfolch jaan."

Van Ewijk nei Cambuur

Ien fan de nije oanwinsten fan Cambuur is Milan van Ewijk, dy't hierd wurdt fan ADO Den Haag. "Vorig jaar was er ook al belangstelling van Cambuur. Daar was ik toen al gecharmeerd van, maar uiteindelijk koos ik toen voor ADO. Nu ben ik blij om bij Cambuur te spelen. Ik heb er zin in, en hoop dat ik ze aan het kampioenschap kan helpen."

Van Ewijk is in rjochtsback, en helle om't Jordy van Deelen slim blessearre is. "Ik wil gewoon vlammen. Spelen voor de koploper in de eerste divisie is wat anders dan onderin in de eredivisie met ADO. Hier zit wat meer vreugde in het spel en ik hoop dat het ons zal lukken kampioen te worden."

De ferdigener is bliid dat Cambuur goed fuotballet. "Maar wat me is opgevallen is dat ze ook vechtvoetbal kunnen spelen zoals vanavond. Ik ben van alle markten thuis, dus ook als het daarop aankomt ga ik er in mee."

(advertinsje)
(advertinsje)