UNIS Flyers winne yn Nijmegen fan Devils

31 jan 2020 - 22:54

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha freedtejûn mei 4-3 wûn fan Devils Nijmegen. Dat betsjut dat de Feansters koprinner bliuwe yn de BeNe League.

Foto: UNIS Flyers

It duorre even foar't it duel yn Nijmegen loskaam. Nei in kertier wie it Kiilholma dy't de 1-0 makke foar de Flyers. Mei noch ien sekonde op de klok yn de earste perioade wie it Adam Bezák dy't der 2-0 fan makke.

De Feansters giene troch, want nei ien minút yn de twadde perioade stie it al 3-0 troch in goal fan Trevor Petersen. Nijmegen die noch wol wat werom (3-1), mar de Flyers giene mei in romme foarsprong it lêste kwart yn.

Dêryn wie it Adam Bezák mei syn twadde fan de jûn dy't it duel like te beslikken. Troch goals fan Jarabek en Nick de Jong kaam Nijmegen noch tichteby, mar de oerwinning fan de UNIS Flyers kaam net mear yn gefaar.

Sneon spylje de Flyers thús tsjin de Antwerp Phantoms.

(advertinsje)
(advertinsje)