Cambuur hiert Sam Hendriks fan OH Leuven

Sportklup Cambuur hat op de lêste dei fan de saneamde transferwindow noch in spits helle. De Ljouwerters hiere oanfaller Sam Hendriks foar in heal jier fan de Belgyske klup OH Leuven.
© Orange Pictures
Hendriks spile ferline jier nei de winterstop ek al foar Cambuur. Ek doe waard hy hierd fan Leuven. Yn fjirtjin wedstriden skoarde hy doe 8 doelpunten en joech hy 2 assists. Yn april rekke hy swier blessearre oan syn knibbel doe't hy yn de wedstriid tsjin Den Bosch syn foarste krúsbân ôfskuorde.
Freedtejûn wûn Cambuur mei 2-0 fan NEC. Earder helle Cambuur ek al George McEachran fan Chelsea en Milan van Ewijk fan ADO Den Haag.