Cambuur wint fan NEC troch twa goals fan Robert Mühren

31 jan 2020 - 21:55

Sportklup Cambuur hat freedtejûn mei 2-0 wûn fan NEC. De Ljouwerters giene mei de oerwinning nei hûs troch twa doelpunten fan Robert Mühren. Benammen de 2-0 wie fantastysk doelpunt. Troch de winst behâlde de Ljouwerters de kopposyje yn de earste difyzje.

Foto: Orange Pictures

Sûnder de skorste David Sambissa, mar wer mei Doke Schmidt yn de basis gie Cambuur freedtejûn op jacht nei trije punten tsjin NEC. De Ljouwerters hiene al sûnt 1987 net mear wûn yn Nijmegen. It begjin fan de wedstriid wie dan ek foarsichtich fan beide kanten.

De earste kâns fan de wedstriid wie foar de thúsploech, mar Flemming koe krekt net by de bal. Nei goed tsien minuten krige ek Cambuur in lytse kâns, mar it skot fan Oratmangoen waard troch in ferdigener fan NEC tsjinholden.

Goal Okita ôfkard

Healwei de earste helte tocht de ploech út Nijmegen op 1-0 te kommen, doe't Okita de bal achter keeper Sonny Stevens skeat. Gelokkich foar Cambuur sei skiedsrjochter Nijhuis dat de goal makke waard nei in oertrêding fan Okita, en dus waard it doelpunt ôfkard. Yn de tsjinoanfal koe Maulun úthelje foar Cambuur, mar syn skot gie njonken de peal.

Cambuur hie it dreech, en NEC besocht hieltyd faker druk te setten op de definsje fan de Ljouwerters. Benammen de oanfallers fan de thúsploech, Velikonja en Flemming, krigen dêrtroch kânsen mar Stevens koe sin doel skjinhâlde.

Breij yn de ploech

Fiif minuten foar it skoft moast Jamie Jacobs, de middenfjilder dy't al alve doelpunten makke dit seizoen, mei in blessuere wiksele wurde. Syn ferfanger Michael Breij krige daliks in grutte kâns, mar hy skeat rjocht op keeper Branderhorst fan NEC ôf. Dyselde Breij soarge yn in kombinaasje mei âld-NEC'er Oratmangoen in minút letter wer foar in soad driging, mar opnij krige hy syn skot net achter Branderhorst.

Oan it begjin fan de twadde helte gie it tempo by benammen de thúsploech wat omheech. NEC besocht de iepeningstreffer te meitsjen, en Stevens moast rêde op in skot fan Anthony Musaba. Even letter koe Flemming yn kânsrike posysje koppe, mar syn bal gie krekt njonken it doel fan Cambuur.

Cambuur op foarsprong

Nei tsien minuten slalomme Robert Mühren troch de definsje fan de tsjinstanner. Kvida ferdigene, mar die dat dúdlik mei de hân. Hiel Cambuur skriemde om in penalty, mar skiedsrjochter Nijhuis woe dêr neat fan witte. In pear minuten letter wie it Maulun dy't nei de grûn brocht waard, en dizze kear gie de bal wol op de stip. Robert Mühren koe Cambuur sa mei syn achttjinde doelpunt fan it seizoen op foarsprong sette.

Troch it doelpunt moast NEC op syk nei de lykmakker. De thúsploech krige kânsen fia Velikonja, Dijkstra en Okita, mar slagge der net yn om in doelpunt te meitsjen. Nei't Jacobs en Antonia al mei in blessuere fan it fjild moasten, foel tweintich minuten foar tiid ek Alex Bangura út by de Ljouwerters. Hy waard ferfongen troch Kellian van der Kaap.

Wrâldgoal Mühren

Mei noch in kertier te gean beslikke Robert Mühren de wedstriid. De oanfaller krige de bal fan Mees Hoedemakers, en seach dat keeper Branderhorst krekt wat te fier foar syn goal stie. Mei in skitterjend skot fan de râne fan de sechstjin meter helle de spits út Volendam de oerwinning foar Cambuur binnen.

NEC besocht noch wol werom te kommen yn de wedstriid, mar de ploech út Nijmegen slagge dêr net mear yn.

Troch de oerwinning bliuwe de Ljouwerters koprinner yn de earste difyzje mei 51 punten út 24 wedstriden.

NEC - SC Cambuur 0-2 (0-0). 57. 0-1 Robert Mühren. 78. 0-2 Robert Mühren

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Bangura (75/Van der Kaap), Schouten, Mac-Intosh, Schmidt; Hoedemakers, Maulun, Jacobs (39/Breij); Oratmangoen, Mühren, Antonia (58/Paulissen).

(advertinsje)
(advertinsje)