Plysje fynt lichem by wenflat yn Ljouwert

31 jan 2020 - 20:59

By in wenflat oan de Mondriaanstrjitte yn Ljouwert is freedtejûn troch de plysje in lichem oantroffen. Doe't de aginten op it plak kamen, wie it slachtoffer al ferstoarn. De plysje is begûn mei in ûndersyk nei de tadracht en de identiteit fan de persoan.

Foto: Kappers Media

Mear ynformaasje folget yn de rin fan sneon.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert lichem
(advertinsje)
(advertinsje)