Fries om utens oer Brexit: "Ik hoopje dat as ik wekker wurd, dat it in dream is"

31 jan 2020 - 20:52

Fries om utens Mona Smith-Kramer, dy't yn it plakje Wycombe by Londen wennet, en Richard Jones, in Brit dy't al 22 jier yn Fryslân wennet, sjogge beiden net bepaald út nei de offisjele Brexit dy't yn de nacht fan freed op sneon barre sil.

Foto: Omrop Fryslân

Mona Smith-Kramer is Fries om utens. Sy is troud mei in Ingelskman en wennet yn High Wycombe, net fier fan Londen. Smith fynt de Brexit berêstend, mar ek wol fertrietlik. En ûnwerklik: "it sil dochs net sa wêze? Mar it is wol sa. Ik fyn it spitich. Dat it sa hurd gien is dat hie ik en net ien tocht."

Op it stuit sil der yn Europa net in soad feroarje, ek yn Ingelân net. Fan 1 jannewaris takom jier ôf sil dat oars wurde, ferwachtet Smith-Kramer: "Wat it slimme is, yn oktober tocht elkenien noch dat der net in 'no-deal' Brexit komme soe. Mar as der no neat út komt, bart dat noch. Dêr meitsje ik my wol soargen oer. Guon kollega's sizze: it sil wol tafalle. Mar ik woe dat ik harren optimisme hie. Ik sjoch it wol swier yn."

Mona Smith-Kramer, Fries om utens yn High Wycombe

Mona en har man ha wol ris it petear oft sy ek út Ingelân wei moatte. "It iroanyske is dat myn man foar in bedriuw wurket mei in kantoar yn Venlo. Dus hy is faker yn Nederlân as dat ik der kom. Hy wurket foar it Europeeske haadkantoar, mar it is de fraach oft dy hjir bliuwe wol." Dêrneist studearret harren dochter yn Grins. Harren soan hat no eksamens en oer twa jier wer, dus sy sille net fuortendaliks fuortgean út Wycombe. "Mar as dat west hat komme wy wol op in krúspunt. Dan witte wy ek hoe't it mei de baan fan myn man komt." neffens Smith.

'Fingers yn de earen ûnder de tekkens'

Sin oan de Brexit hat Smith-Kramer net. "Ik tink dat ik mei de fingers yn de earen ûnder de tekkens sit en hoopje dat as ik moarn wekker wurd, dat it in dream is. Wat moatte je? Wy kinne allinne noch hoopje dat André Rieu mei Ode to Joy op 1 komt yn de hitparade."

Ek foar Richard Jones, dy't al 22 jier yn Nederlân wennet is de Brexit in swiere dobber om te belibjen. Yntusken fielt Jones him mear in grutske Fries as Brit. Jones sjocht mei eangst nei de Brexit út. "Ik heb altijd het Britse paspoort gehad en dat gaf mij het recht om te wonen en te werken in Europa. En nu niet meer, tenminste over een paar uurtjes."

Twa jier lyn hat hy himsels naturalisearje litten yn Nederlân, fanwegen de Brexit. "Het was allemaal heel onbekend, wat er zou gebeuren. Toen ik hier voor het eerst kwam wonen, in Nederland, weet ik nog dat ik in het politiebureau moest wachten op mijn verblijfsvergunning. Toen dacht ik direct, dit wil ik nooit meer. Ik wil zekerheid dat ik in Nederland kan werken en wonen."

Richard Jones, Ingelsman yn Fryslân, oer de Brexit

Jones fielt him yntusken mear Fries as Brit. "Ik benoem mijzelf ook echt Fries, al kan ik nog geen Fries praten, maar ik versta het wel. Als iedereen die Fries is en in Fryslân woont, zich ook echt Fries zou voelen dan zou het allemaal in de wereld wel ietsje makkelijker worden. Ik voel me helemaal thuis hier."

'In takomstige ekonomyske ramp'

De âlders fan Richard wenje oan de súdkust fan Ingelân en sy fine it ek in 'tragedie'. "Het is wat hen betreft in toekomstige economische ramp." At it no echt straks sa fier is, sil Jones him noch mear Fries fiele. "Ik ga mijn Friese wollen muts dan op doen in de winter denk ik."

Jones hat net in soad fertrouwen yn de takomst fan Ingelân. "Als mijn vrouw en ik het land binnengaan, moeten we misschien iets langer wachten op het vliegveld, dus dat wordt wat moeilijker om naar Engeland toe te gaan. Daarnaast denk ik dat we gaan zien dat het land achteruit gaat, helaas."

(advertinsje)
(advertinsje)