Hearrenfean ferhiert Frederiksen, Skovgaard mooglik letter noch fuort

31 jan 2020 - 20:25

Emil Frederiksen ferlit SC Hearrenfean. De middenfjilder wurdt foar in healjier ferhierd oan it Deenske Sønderjyske. Der moatte noch wol wat formaliteiten regele wurde, mar de ferwachting is dat dat freedtejûn barre sil. Mooglik dat der letter ek noch in oplossing fûn wurdt foar Andreas Skovgaard.

Foto: Orange Pictures

Foar de beide fuotballers socht SC Hearrenfean noch in oplossing. Se wiene oerstallich by de ploech fan Johnny Jansen. Frederiksen kaam yn 2017 nei it Abe Lenstra Stadion as grut talint, mar koe de ferwachtingen nea wier meitsje. Sønderjyske biedt de Deen in oplossing om yn syn heitelân wol oan spyljen ta te kommen.

Andreas Skovgaard

SC Hearrenfean hopet dat der ek noch in oare klup fûn wurdt foar Skovgaard. Hy kaam in jier lyn nei It Hearrenfean, mar spile gjin wedstriid yn it earste alvetal. De transferperioade einiget freedtejûn yn Nederlân, mar dochs soe Skovgaard letter noch fuort gean kinne. Yn oare lannen giet de transferperioade nammentlik letter ticht, sa as yn in tal Skandinavyske lannen, wêrtroch't Skovgaard dus ek nei jannewaris noch nei in oare klup gean kin. Dêr hopet Hearrenfean op.

(Advertinsje)
(Advertinsje)