Wethâlder Jelle Zoetendal: "WMO en jeugdsoarch moatte by gemeenten bliuwe"

De WMO en de jeugdsoarch moatte by de gemeenten bliuwe, mar der moat beslist struktureel mear jild komme. Dat seit wethâlder Jelle Zoetendal fan It Hearrenfean yn It Polytburo. Hy hat as bestjoerder fan de Feriening Fryske Gemeenten dit ûnderwerp yn portefúlje. Neffens Zoetendal giet it mei de WMO op himsels wol goed, de jeugdsoarch is bepaald in oar ferhaal. Troch de swierte fan gefallen en de jildpine driget dy fêst te rinnen.
Zoetendal sjocht mei soarch nei it tal wethâlders dat tuskentiids opstapt. Yn Fryslân wiene dat der dizze wike mar leafst trije, twa op It Amelân en ien yn Ljouwert. De taken dy't wethâlders hawwe binne de lêste jierren behoarlik swierder wurden, ûnder oaren mei de WMO-problematyk en de finansjele tekoarten dêrtroch.
Dêrby wie de ferkiezingskampanje twa jier lyn behoarlik fel, en dy sfear is eins hingjen bleaun yn de gemeenterieden.