'Kleine pijntjes' by SC Hearrenfean foar duel mei lêstich Fortuna Sittard

31 jan 2020 - 18:46

It is noch net dúdlik hokker spilers snein by SC Hearrenfean oan de ôftraap stean sille tsjin Fortuna Sittard. Der binne wat lytse 'pijntjes' yn de seleksje fan Johnny Jansen. Sneon hakket de trainer de knoop troch oer syn opstelling.

"Er zijn wel wat kleine pijntjes, dus ik kan de opstelling nog niet prijsgeven. Maar, ik verwacht dat er geen grote verrassingen zullen zijn", fertelt Jansen, dy't deselde alve spilers opsteld as tsjin AZ, as alle spilers ynsetber binne. Yn de kompetysje wachtet SC Hearrenfean noch altyd op de earste oerwinning fan 2020. Duels mei Feyenoord en AZ giene ferlern. Jansen: "Tuurlijk maak je je daar druk om. Dat zijn ook tegenstanders waarvan je kan verliezen, alleen ik heb daar nog steeds een gevoel bij dat er meer in had gezeten."

Fortuna lestige tsjinstanner

Ferdigenjend sil it better moatte tsjin Fortuna Sittard snein, want de Feansters joegen de goals de lêste twa kompetysjeduels maklik fuort. Boppedat moat Hearrenfean oan de bak, om't Fortuna neffens Jansen in gefaarlike ploech hat. "Het is gewoon een lastige tegenstander om tegen te voetballen." En dan helpt it fjild yn it Fortuna Sittard Stadion ek net mei. Dat is tige min. "Daar hebben we wel met elkaar over gesproken", fertelt Jansen. "We moeten niet in de eigen zestien blijven voetballen en de bal terugspelen op de keeper. Daar zullen we zeker rekening mee houden."

By SC Hearrenfean ûntbrekt Daniel Hoegh mei in blessuere.

Wachtsje op in kâns

De lêste kear dat talint Arjen van der Heide minuten makke yn de earedifyzje wie tsjin Fortuna Sittard, ein augustus. Hearrenfean helle fan it simmer mei Anders Dreyer in oare bûtenspiler, wêrmei't de kânsen op minuten foar Van der Heide lytser wurden is. Lêste kear wie dus fiif moannen lyn: "It is al in hiel skoft lyn, mar ik ha geduld en wachtsje oant de kâns wer komt. Dan sil ik der wer stean."

Arjen van der Heide earder dit seizoen tsjin Fortuna Sittard - Foto: Orange Pictures

Dreyer is yntusken gjin spiler mear fan SC Hearrenfean en dus giet Van der Heide wer in plak omheech yn de rangoarder. Boppedat fielt de Feanster him ek wer better: "Ik hie nei myn ynfalbeurten in wat mindere perioade fûn iksels, mar sûnt it trainingskamp ha ik de line omheech wer te pakken. Op de training giet it ek goed, dus ik tink dat mear speeltiid der wol oan sit te kommen."

Mooglik dat Van der Heide dus tsjin Fortuna Sittard wer ynfalle kin. Hy wit yn elk gefal wat Hearrenfean net dwaan moat: "As wy se fuotbalje litte, kinne se hiel goed fuotbalje. We moatte soargje dat we dat net dogge en dan binne we seker better."

De wedstriid tusken SC Hearrenfean en Fortuna Sittard begjint sneintemiddei om 14.30 oere. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar fanút Sittard en dat is allegearre live te folgjen yn it radioprogramma 'Snein yn Fryslân'.

(advertinsje)
(advertinsje)