2050 euro boete nei't man mei 209 kilometer yn de oere oer Wâldwei jaget

31 jan 2020 - 17:22

In 51-jierrige Drachtster moat 2050 euro boete betelje, nei't hy mear as hûndert kilometer yn de oere te hurd ried oer de Wâldwei. Dat barde op 20 desimber fan ferline jier.

Foto: ANP

In motoragint hy de snelheid fan de auto fan de man mei in lasergun opmetten, dy kaam út op 209 kilometer yn de oere. Op de Wâldwei is maksimaal 100 kilometer yn de oere tastien. De man ried nei korreksje 102 kilometer yn de oere te hurd. Neist de snelheid, hie de man ek noch drank op efter it stjoer.

It riden ûnder ynfloed is in misdriuw, de oerskriding fan de snelheid in oertrêding. Oer in pear moanne sil de Drachtster him noch ferantwurdzje moatte foar it riden ûnder ynfloed.

(advertinsje)
(advertinsje)