PODCAST: 'It opgroeven lyk'

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze twadde Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'It opgroeven lyk'.

Oflevering 2: It opgroeven lyk

In skuonmakker yn in Skotsk doarpke is sa nijsgjirrich as in âld hin. Hy wit alles fan alle ynwenners. Mar op in dei krijt er in frjemdling op besite dy't nije skuon hawwe wol. It is in nuvere man. En as er nije skuon foar de man makke hat, folget er him om't er witte wol wêr't de man wei komt. Hy is ferbjustere as er sjocht wêr't de man hinne giet: nei it tsjerkhôf! Dêr stapt er yn in grêf. De skuonmakker hellet fersterking en mei in hiele ploech minsken grave se it grêf iepen. Dat hie er better net dwaan kinnen...
Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.