Mear romte foar rekreaasjeplakken yn Achtkarspelen

31 jan 2020 - 16:20

Yn de gemeente Achtkarspelen komme mear mooglikheden foar it bouwen fan rekreaasjehûzen, minycampings, trekkershutten en sjalets. It nije bestimmingsplan bûtengebiet jout dêr romte foar. Dat wol it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

Foto: ANP

It kolleezje is fan doel om yn april mei in nij plan foar it bûtengebiet te kommen. Achtkarspelen krijt hieltyd mear fersiken en oanfragen binnen foar de bou fan rekreaasjehûzen en oare mooglikheden om te oernachtsjen.

Trefwurden: 
Achtkarspelen rekreaasje
(advertinsje)
(advertinsje)