Boeren lilk op Verzetsmuseum om eksposysje vegan streaker

Guon boeren binne lilk op it Fries Verzetsmuseum. Dat museum hat in foto fan de feroardiele diere-aktivist Peter Janssen yn in eksposysje oer frijheid. Janssen is better bekend as de vegan streaker, om't er op ferskate plakken op de wrâld aksjefierd hat mei mar in bytsje klean oan.
Peter Janssen by syn eksposysje yn it Verzetsmuseum © Marieke Balk
Neffens de boeren striidt Janssen net foar frijheid, mar wol er boeren just de frijheid ûntnimme yn harren wurk. Sy wolle dat it Verzetsmuseum Janssen út de eksposysje hellet. Guon ha lilke mailtsjes nei it museum stjoerd.

Frijheid fan bisten lyk oan dy fan minsken

It Verzetsmuseum hat begryp foar it feit dat it tema gefoelich leit, mar wol de foto fan Janssen net fuorthelje. Neffens it museum leit Janssen út wêrom't hy fynt dat de frijheid fan bisten lyk wêze moat as de frijheid fan minsken.
Janssen lit fia Facebook witte grutsk te wêzen dat hy opnaam is yn de eksposysje fan it Verzetsmuseum. Yn de eksposysje wurde alve minsken toand dy't op in wize stride foar frijheid.
Kninehâlder Henk Oonk is lilk