FNP komt mei protestbrief leechfleanrûte foar ynwenners noardlike provinsjes

De FNP biedt ynwenners fan Fryslân, Drinte en Oerisel in model-protestbrief oan tsjin de leechfleanrûtes boppe de provinsjes. De ynwenners kinne dan makliker har ûntefredenheid uterje by Definsje.
De lâning fan de earste F-35 yn Ljouwert © Omrop Fryslân
FNP begjint de aksje nei't der ûnrêst ûntstien is oer it weriepenjen fan de leechfleanrûte wêrop't treningsflechten útfierd wurde op in hichte fan 75 meter boppe de grûn. De partij riedt noch mear aksjes ta tsjin de fleanrûte, sa is der bygelyks ek in petysje iepene.

Definsje wol âlde rûte iepenje

It Ryk is fan doel om it leechfleanen mei strieljagers op in hichte fan 75 meter wer mooglik te meitsjen boppe Fryslân. Definsje wol de âlde leechfleanrûte oer Noard- en East-Nederlân wer yn gebrûk nimme. Yn 2002 is de rûte bûten gebrûk steld fanwegen lûdsoerlêst en gefaarlike situaasjes.
Mei de nije en lûdere JSF (F35) wurdt de oerlêst neffens it FNP allinne mar slimmer. Bewenners fan tal fan gemeenten yn Fryslân, Drinte en Oerisel soene der swiere oerlêst fan ûnderfine. Boppedat raze de fleantugen ek oer Natura2000 en stiltegebieten, en fersteure dêrmei de natuer, sa skriuwt de partij.