Freedsmerk: ferdieldens oer "Voltooid leven"

31 jan 2020 - 13:25

Sa'n 10.000 Nederlanners boppe de 55 jier soene wol út it libben stappe wolle om't sy fine dat it libben foar harren wol klear is. Dat docht bliken út it rapport 'Volooid Leven' dat tongersdei ferskynde, binnen de diskusje oer it wol of net ferromjen fan de eutanasywet.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Moatte je dy minsken yn 'e mjitte komme mei bygelyks in soarte fan pil om in ein oan it libben te meitsjen op in sels keazen momint, of krekt net? Yn de polityk, mar ek op de Ljouwerter freedsmerk, rinne de mieningen behoarlik út inoar.

"Ik leau dat it komt om't in soad minsken har iensum fiele. Dan soene je krekt dêr wat oan dwaan moatte. " In oar wie der wol foar om foar dizze minsken in pil beskikber te stellen: "Oars springe dy minsken miskien fan in flat of fan de Aldehou. Dan hast noch mear ellinde!"

Wol kaam geregeld de opmerking dat it wol goed trochtocht wêze moat: "Veel mensen blijken dubbel in hun doodswens". "Maar," sei in oar, "je kunt ze ook niet eindeloos laten aanmodderen."

In soad tsjinstanners hawwe in kristlike oertsjûging: "Minsken hawwe perspektyf en hope nedich. En dat hat Gods keninkryk te bieden..."

Ferslachjouwer René Koster frege op de freedsmerk nei 'Voltooid Leven'

(advertinsje)
(advertinsje)