De dei fan de Brexit: hoe komt it mei de Fryske 'fish and chips'?

31 jan 2020 - 12:58

It kin hast net ien ûntgien wêze: freedtenacht om tolve oere Europeeske tiid oere stapt it Feriene Keninkryk definityf út de Europeeske Uny. Dy stap smyt mooglik grutte ekonomyske gefolgen op foar tal fan Fryske bedriuwen. Dit kalinderjier feroaret der noch net sa folle, mar it is noch mar de fraach oft der takom jier noch frij hannel dreaun wurde kin mei it Feriene Keninkryk. Wat betsjut it foar de 'fish and chips', oftewol de hannel yn fisk en jirpels?

Ingelân is fansels it lân fan dat bekende ôfhelmiel: de 'fish and chips,' frituerde fisk mei dikke patat. Wat betsjut de Brexit foar de yngrediïnten?

Ferlieze ús fiskers harren wetter?

De Ingelske fiskers wolle gjin Nederlanners, Frânsen en Denen mear op harren part fan de Noardsee. Hjir moat dit kalinderjier stevich oer ûnderhannele wurde. Yn it slimste gefal ferlieze ús fiskers in wichtich diel fan harren fiskwetter. "As dat bart, dan hawwe alle Nederlânske fiskers in probleem, want dan bliuwt der mar in bytsje fiskwetter oer", seit foarsitter Johan Nooitgedagt fan it fiskersbûn.

Mar de Ingelske fiskyndustry hat dan wol in serieus probleem, want de Ingelske fiskfabriken eksportearje sels in soad nei it fêstelân, ek nei Nederlân. Boppedat is de Ingelske fiskfloat fierstente lyts om it eigen lân fan fisk te foarsjen. Je soene sizze: alle partijen hawwe belang by in ferstannich kompromis, mar dat leit der noch lang net. "It aparte is dat de Ingelsken de measte fisk dy't sy fange eksportearje. De fisk dy't se dêr ite, komt wer foar in grut part út buorlannen as Noarwegen, Denemarken en Nederlân", fertelt Nooitgedagt.

Ferslachjouwer Onno Falkena leit út wat gefolgen fan de Brexit wêze kinne

Hoe komt it mei de jirpels fan It Bilt?

In soad jirpels út Nederlân geane nei Ingelân en Skotlân ta, ek poatjirpels. It is foar ús bouboeren fan belang dat de hannel mei it Feriene Keninkryk trochgean kin, fynt Teun de Jong fan it Nederlandse Akkerbouw Vakbond. "Wy hawwe no in flinke eksport nei it Feriene Keninkryk, dat is net selsfoarsjennend. Wy binne it wol wend om te eksportearjen nei lannen bûten de Europeeske Uny, mar it betsjut wol dat je te krijen hawwe mei tûkelteammen. En dy kostje ús jild", jout hy oan.

Foto: Omrop Fryslân

En dat net allinne. "Wat ek in punt is, is it ynsjen fan oare standerten op it mêd fan plantsûnens. Mar ek rassen. Dat is dreger as jo dat mei elts lân apart ôfsprekke moatte as wannear't dat yn ien Europeeske regel sit. It Bilt is it sintrum fan de jirpewrâld, fine wy altyd. Sy ferbouwe sels ek, mar wy binne ek tige aktyf op it mêd fan moderne rasferedeling, dus sy moatte ek gebrûk meitsje fan moderne rassen dy't wy hjir feredele hawwe om boaiemsykten te beheinen," leit De Jong út.

Yn syn funksje as foarsitter fan it fakbûn fan Nederlânske ikkerbouwers hat Teun de Jong ek yn Ingelân west. "De Ingelske boeren tinke dat it in foardiel is om't Ingelân netto ymportearjend is foar in soad gewaaksen. Mar yn de tiid fan it oansluten by de Europeeske Uny hawwe sy dêr foardiel fan hân, mar dat reitsje sy kwyt. Mar yn Ingelân tinke sy noch altyd dat Britain 'the waves rulet'. Dat âlde sentimint makket ek dat it Feriene Keninkryk der no út stapt."

Foarsitter Johan Nooitgedagt fan it fiskersbûn

(advertinsje)
(advertinsje)