Trompetter fuortendaliks fuort as wethâlder yn Smellingerlân

31 jan 2020 - 11:03

Cor Trompetter (PvdA) wol fuortendaliks ophâlde as wethâlder yn de gemeente Smellingerlân. Hy hat freed syn ûntslach yntsjinne.

Gemeentehûs Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân

Earder dizze moanne besleat de PvdA-fraksje yn Smellingerlân om it fertrouwen yn koälysjepartner ELP op te sizzen. Der wie neffens de partij in ûnwurkbere situaasje ûntstien, om't de ELP ekstern juridysk advys ynwinne woe oer de subsydzje foar skouboarch De Lawei, wylst it kolleezje noch dwaande wie mei in ûndersyk. Dat skeat de PvdA yn it ferkearde kielgat.

Net genôch draachflak

Doe stelde Trompetter ek syn portefúlje ta beskikking. Op fersyk fan boargemaster Jan Rijpstra bleau er earst yn funksje. No hâldt er dochs op. Der is neffens him net genôch draachflak.

De fraksje fan de PvdA lit witte dat se de gong fan saken spitich fine, mar se begripe en respektearje it beslút fan Trompetter.

Tredde wethâlder dy't ophâldt

Trompetter wie de opfolger fan Roel Haverkort, dy't in jier lyn om persoanlike redenen opholden wie. En ein 2019 stapte Eric ter Keurs op, omdat er iepenbier krityk levere hie op it amtlik apparaat yn de gemeente.

Ferline wike lei Trompetter noch út wêrom't er doe yn funksje bleau:

(advertinsje)
(advertinsje)