Bestjoerder mei drugs op feroarsaket hast ûngelok yn Ljouwert

31 jan 2020 - 09:00

De hanthavening fan Ljouwert seach tongersdei om healwei seisen in bestelbuske bot slingerjend troch it sintrum fan Ljouwert riden. De bestjoerder makke ferskate oertrêdingen. Ek feroarsake de bestjoerder hast in oanriding. Op de Voorstreek koe de man oanholden wurde.

De Voorstreek yn Ljouwert - Foto: Google Street View

Ut in drugstest die bliken dat de man ûnder ynfloed fan amfetamine, ek wol speed, efter it stjoer siet.

De plysje fan Ljouwer hat de bestjoerder fan it buske oanholden.

Trefwurden: 
Ljouwert drugs Voorstreek
(advertinsje)
(advertinsje)