Kollum: "Koek en Sophie"

31 jan 2020 - 08:19

"Ik kin it my noch goed heuge dat ik as bern wekker waard mei froast op 'e tekkens en prachtige iisblommen op 'e ruten, mar kâld hie ik it net. Lekker waarm ûnder de tekkens woest der leaver net ûnder wei want op 'e sliepkeamer wie it wol kâld mar it wie teminsten al winter! En as de sleatten beferzen wiene dan wie de omjouwing in mearke, sa moai!

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Hjoed-de-dei meitsje bern soks amper mear mei. En sa wol, dan lizze de iisblommen it ôf tsjin dûbel glês en sintrale ferwaarming en de flanellen lekkens mei tekkens binne dekbêden foar fjouwer seizoenen wurden. Mei knoopkes dy't nei ferrin fan tiid altyd loslitte of stikken gean sadat grutte feilichheidsspjelden de boel by-inoar hâlde moatte en dy hjir en dêr ek wolris yn 'e bealch stekke.

Ik sil net sizze dat eartiids alles better wie want ik mei der wol oer dat de huzen goed isolearre binne en datst net mear wekker wurdst ûnder in tekken mei froast, mar dochs mis ik de echte winters wol mei it hearlike, ljochte, skjinne en sûne waar dêr'tst enerzjy fan krijst. Kâlde hannen dy't wer ta libben komme om in beker waarme poeiermolke en beferzen teannen dy't wer bliid wurde yn in pear waarme sloffen: hoe lang is it yntusken wol net lyn?

Yn in âlderwetske winter ûntteie de measte djipfriezen echt mar soks slagget net mei de temperatueren dy't we no al skoften hawwe. Ik fyn it ferrekte spitich dat it sa giet, dochs kin ik der neat oan feroarje. Mar wat my wol in echt wintergefoel jûn hat de ôfrûne tiid, is it ferskaat oan ferhalen dy't ynstjoerd binne foar it BoekWinterBoek-feest, dat freed hâlden wurdt yn kafee 'De Bakkersdochter' yn Snits.

It tema foar dit feest is 'Koek en Sophie' (en Sophie is dan skreaun as in famkesnamme). Ferline simmer hiene wy BoekSimmerBoek en doe wie it tema de sinnekear. Wat my doe opfoel, wie dat in soad ferhalen bêst wol tryst wiene of oer de dea giene. Mei dizze winteredysje binne de ferhalen hiel oars. Skreaun mei mear humor en romantyk, mar benammen mei in grutte leafde foar ús provinsje as de sleatten, fearten en marren tichtlizze en de wrâld wyt is.

Troch it lêzen fan dizze ferhalen, oerfoel my geregeld in waarm en nostalgysk gefoel dat my werombrocht nei myn eigen jeugd yn 'e winter. Tagelyk fûn ik it ek tige skande dat in hiele soad bern net mear witte hoe bysûnder it is en it allinnich noch mar ûnderfine kinne troch nei de ferhalen fan âldere minsken te harkjen. Dat muoit my hast noch mear as it feit dat ik it sels ek net mear meimeitsje.

In hiele protte fan ús hawwe yn alle gefallen de oantinkens noch wol en troch deroer te praten, te skriuwen of te lêzen, sjitst drekt wer yn in bepaald gefoel. Mar sa'n gefoel soarget by my al foar in bepaald langstme en ta myn fertriet tink hieltyd faker dat it dêr miskien ek wolris by bliuwe kin.

Gelokkich kin ik net yn 'e takomst sjen mar ik hoopje al dat we jûn noch in pear prachtige winterferhalen te hearren krije! BoekWinterBoek is in feest foar skriuwers én lêzers en de fiif skriuwers dy't jûn optrede, binne Henk van der Veer, Willem Schoorstra, Baukje Zijlstra, Sipke de Schiffart en Klaas Jansma. De muzyk wurdt fersoarge troch Weima en van der Werf en yn 'De Bakkersdochter' is it smûk en waarm.

Dus ast ek sa ûnwennich bist fan kening winter, dan kinne wy dy miskien stypje en heine wy dy jûn graach op. It begjint om 20.00 en de tagong is fergees."

(advertinsje)
(advertinsje)