Skoalreedriden yn Thialf moat bern op 'e izers hâlde

31 jan 2020 - 08:18

Dik, tsjuster iis dêr't sa'n moai sjongend lûd ôf komt. Eins komt it lang net ta oan natueriis. Mar om't dat der op it stuit net yn sit, wurde oare wizen socht om oan it reedriden te bliuwen. Sa meie de bern fan groep 7 en 8 fan de Master S. Wijbrandiskoalle út Aldhoarne ûnder skoalletiid reedride yn Thialf.

Foto: Omrop Fryslân

De bern krije op It Hearrenfean les fan ûnder oare Irene van Weperen. "De eerste keer krijgen ze een kennismakingsles. Daar leren ze hoe ze vooruit moeten komen, hoe ze moeten vallen en opstaan", leit Van Weperen út. De twadde les stiet yn it ramt fan langebaanreedriden en yn de tredde les leare sy hoe't iishockey yn syn wurk giet. It Alvestêde-parkoers is de lêste les dy't de bern krije.

Ek klúnje

Oeral op it iis steane pionnen en de bern moatte 11 stimpels helje. "We hebben geprobeerd het uitdagend voor ze te maken, zodat je niet alleen rondjes rijdt maar ook slingerbochtjes maakt", fertelt Van Weperen. De bern moatte ek troch tunnels hinne, sa't se oefenje om bûgje te moatten sa as sy ek dwaan moatte as se ûnder in brêge troch ride. Sels klúnje is in ûnderdiel fan de tocht: "Zodat ze weten wat er gebeurt als de echte Elfstedentocht komt, wat we hopen."

Foto: Omrop Fryslân

'Lekker hurd'

De bern fine it moai om te riden op it iis fan Thialf. Dat is benammen om't it 'lekker hurd' giet. Opfallend is dat dizze skoalbern goed reedride kinne. Se hawwe gjin muoite mei de bochten en de tunnels, al giet der sa no en dan wol ris ien ûnderút. It feit dat der tsjintwurdich net mear faak iis leit, mar de bern dochs rap oer it iis sjeze komt neffens harren trochdat se earder al in bytsje ûnderfining opdien hawwe.

"Ik haw twa jier lyn noch by ús op 'e iisbaan stien", "Ik ryd sa'n fiif kear yn it jier hjir op de keunstiisbaan", binne guon antwurden. In kwestje fan 'jong geleerd is oud gedaan', dus. Yn dat gefal is der noch hope foar de jongere generaasjes om as der wer iis leit maklik de izers ûnder te binen.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman bûn de izers ûnder

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)