Jouster bedriuw makket sterkste aramide-kabels foar ynstallaasje wynmûnen

31 jan 2020 - 07:54

Tsientallen meters fan de sterkste kabels ea geane freed op transport fan De Jouwer nei Rostock. It Jouster bedriuw Fibremax hat saneamde aramide-kabels makke, dy't sa sterk binne dat se njoggen fleantugen optille kinne. De kabels binne foar ien fan de grutste kranen wêrmei't it bedriuw Liebherr wynmûnen mei in hichte fan 300 meter op see ynstallearje kin.

Fibremax - Foto: Fibremax

"Aramide is in ûnbekende keunststof. It wurdt ek wol brûkt foar brânwachtpakken, it kin goed oer hege temperatueren. Mar it is ek tige sterk. Wy binne njoggen jier lyn úteinset om dêr in kabel fan te meitsjen. Us fezels lizze yn in rjochte line en kinne dêrmei tsjin staal kriigje," seit Rinze van der Schuit fan Fibremax op De Jouwer.

Reuseftich

"Der wiene fierder gjin bedriuwen dy't dy fezel oant it uterste brûke koene. Wy hawwe der in nije technology by betocht: endless winding. Ien begjin en ien ein en wy draaie allinne mar rûntsjes om it sa mar te sizzen. Sa helje wy in soad sterkens út dy fezel en kinne wy tige lichte fezel meitsje. De kabel is 170 mm rûn, dus der sitte in soad fezels yn. De langsten binne 60 meter. Dat is reuseftich. Dus it is de kombinaasje fan in goeie fezel mei goeie technology. Dat kinne je net mei tou foarinoar krije," leit Van der Schuit út.

Nettsjinsteande de sterkens binne de kabels maklik te brûken. "Se fiele wol oan as tou, je kinne se maklik bûgje. Wy hawwe in kraan dy't fan 80 of 90 meter heech de kabels yn in frachtwein sakje lit. Se binne sa soepel dat sy dêr maklik yn kinne. Je kinne se oprôlje, mar ek brûke as sy rjocht binne."

Betrouwen

Van der Schuit is wiis dat syn kabels sa'n soad betrouwen krije fan bedriuwen oer de hiele wrâld. "Wy dogge al 6 jier saken mei de measte kranebouwers op de wrâld. Dus in soad grutte wynmûnekranen binne al útrêst mei ús kabels. Mar dit is de earste kear dat wy sokke reuzekranen dogge. Wy binne de iennigen dy't sokke kabels meitsje kinne en ek it betrouwen krije."

Rinze van der Schuit fan Fibremax op De Jouwer

(advertinsje)
(advertinsje)