Autocross Makkum 30 jier en komt mei in iepenloftspul: 'De Trochknaller'

31 jan 2020 - 07:05

De Autocrossferiening fan Makkum makket in iepenloftspul. Dat moat fansels ek oer de autocross en Makkum gean. Reden is it 30-jierrich jubileum fan de feriening. Neffens de organisaasje moat it in unyk en ludyk stik wurde mei teäter en fansels ek echte crossauto's.

Foto: Autocross Makkum

Foarsitter Harm-Jan Cuperus: "It stik hjit 'De Trochknaller' en moat 11, 12 en 13 juny hâlden wurde. Dat is de wike foar de autocross, it wurdt ek hâlden by de baan."

"Mei it 25-jierrich bestean is der ek wat leuks dien, yn it sintrum mei in bulte crossauto's. Doe is der ek in stikje opfierd. Mar it idee ûntstie ek mei de keatsferiening, dy hiene ek in stik mei persiflaazjes. Wy tochten: dat wolle wy mei de cross ek," seit Cuperus.

"As je it dogge, moatte je it goed dwaan"

Cuperus: "It idee is leuk, mar dan komt de útfiering. Wy hawwe wol in netwurk, mar is it is wol in gigantyske put. Wy hawwe earst besocht om it yn in grutte feesttinte te hâlden, mar autocross is spektakel en moat grut opset wurde. Dus it wie net helber yn in tinte. Doe seine wy: it moat in iepenloftspul wurde. Dan krije je in hiel oar ferhaal. Rieneke de Haan kaam der by, dy't al in soad teäterstikken op har namme hat. Sa krige it ferhaal hannen en fuotten. As je it dogge, moatte je it goed dwaan."

It moat foar Makkumers in werkenber ferhaal wurde. "Wy hawwe profesjonele spilers, maar dat folje wy oan mei lokale helden. It is net neat. It ferhaal moat gean oer de tiid fan eartiids oant no. 30 jier Makkum, in hiele útdaging. En fansels moatte de autocrossweinen ek ynbrocht wurde."

De kaartferkeep set yn maart útein.

Foarsitter Harm-Jan Cuperus fan Autocross Makkum

(advertinsje)
(advertinsje)