Staatsbosbeheer plantet tûzenen beammen op 'e nij

31 jan 2020 - 06:23

Troch de esketûkstjerte binne troch Staatsbosbeheer yn hiel Nederlân in soad beammen kapt, en ek yn Fryslân. Dat is op guon plakken ek goed te sjen. Bygelyks yn guon doarpsbosken. Yn Noard-Fryslân is Staatsbosbeheer no úteinset mei it op 'e nij plantsjen fan beammen.

Winaam wie it earste plak dêr't dat dizze wike begûn. Der wurde no oare soarten plante fan eigen kweek: linebeammen, bjirken, elzen en by de paden del komme strewellen of flinterstrûken. Sa ûntstiet der in sûner bosk. Op guon plakken wurdt it ek hielendal oan de natuer oerlitten. As dan letter bliken docht dat soks net goed slagget, kin der altyd noch byplante wurde.

Net te gau wolle

Foar dizze earste werplant-operaasje binne tusken de 10.000 en 11.000 jonge beammen beskikber. De fraach nei beammen leit heech want ek yn oare parten fan Nederlân binne in soad sike esken sneuvele. De gatten binne net sa mar opfolle, seit boskwachter Gjerryt Hoekstra fan Staatsbosbeheer: "Wy wolle faak hiel gau, mar beammen hawwe wol de tiid nedich om te groeien."

Pieter Faber en kollega Jelle de Jong mei jonge beamkes by Winaam - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)