Aris ienfâldich nei heale finale bekertoernoai

30 jan 2020 - 21:11

De basketballers fan Aris ha har ienfâldich pleatst foar de heale finale fan de beker. Se wûnen tongersdeitejûn mei 71-67 op besite by Apollo Amsterdam. Dat wie mear as genôch, want twa wiken lyn wûnen de Ljouwerters thús al mei 86-57.

Craig Osaikhwuwuomwan - Foto: www.orange-pictures.nl

Nei it earste kwart hiene de Amsterdammers in foarsprong fan fjouwer punten. By it skoft wiene dêr noch trije punten fan oer. De grutste foarsprong dy't Amsterdam hie, wie njoggen punten. De thúsklup kaam dus nea yn de buert fan de 29 punten foarsprong dy't se nedich hiene.

Yn de twadde helte naam Aris al gau in foarsprong, dy't op in gegeven momint mear as tsien punten wie. Uteinlik waard it dus 71-67 foar de ploech fan Ferried Naciri.

Osaikhwuwuomwan topskoarer

By de Ljouwerters waard Craig Osaikhwuwuomwan topskoarer mei 20 punten. Hy pakte ek noch 7 rebounds. Arunas Mikalauskas hie 16 punten en 10 rebounds.

Yn de heale finale spilet Aris tsjin de Den Helder Suns. Dy skeakelen SBU út, in basketbalklup foar studinten yn Utrecht.

Trefwurden: 
Aris basketbal Amsterdam beker
(advertinsje)
(advertinsje)