UPDATE: Airsoftwapen brûkt by sjitynsidint yn Ljouwert

It docht bliken dat it by de sjitpartij oan de Dokkumerstrjitte yn Ljouwert tongersdeitejûn gie om in saneamd airsoftwapen. Dêr is mei sketten, mar dêrtoch is der net ien ferwûne rekke. It 29-jierrige slachtoffer rekke wol ferwûne troch in fjochtpartij mei de fertochte fan 23 jier.
Sjitynsidint yn hûs yn Ljouwert, ien man swier ferwûne
It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje moast de fertochte hurdhannich oanhâlde. De plysje seit net te witten wêr't de man krekt wei komt. De fertochte wurdt freed ûnderfrege.
Der wiene ferskate plysjes by it ynsidint, mar dat wie benammen om't noch net bekend wie dat it om in airsoftwapen gie. Dat is in baltsjepistoal dat hiel bot op in echt pistoal liket. De sjitpartij soe yn in hûs west hawwe. In grut part fan de strjitte wie ôfset.