Flyers fiere aksje foar greidefûgels yn shirts mei in ljip derop

30 jan 2020 - 18:52

De iishockeyers fan de UNIS Flyers fiere sneon aksje foar de greidefûgels. De klup is sûnt begjin dit jier maatskiplik partner fan it Agrarisch Natuurfonds Fryslân.

Foto: Vogelbescherming Nederland

Kommend wykein wurdt der yn de iishockeyhal fan alles organisearre om jild binnen te heljen foar it behâld fan de greidefûgels. Der is bygelyks in pucksmytwedstriid en in shirtfeiling.

De Flyers spylje tsjin Antwerp Phantoms yn in shirt dat spesjaal foar de gelegenheid makke is, der stiet net in earn op, mar in ljip. Dy shirts wurde nei de wedstriid by opbod ferkocht. De opbringst fan alle aktiviteiten giet nei de skriezebuorkerij fan boer Murk Nijdam by Wommels, dy't oan greidefûgelbehear docht.

(advertinsje)
(advertinsje)