Dit jier al fjoerwurkferbod; ferkeaper benaud foar mear yllegaal fjoerwurk

30 jan 2020 - 18:25

Fjoerwurkferkeaper Jos Rurenga tinkt dat it ferbod op fjoerpylken en knalfjoerwurk ta gefolch hat dat de ferkeap fan yllegaal fjoerwurk tanimt. "Dat weten we wel zeker. In het buitenland is het nog steeds te koop."

Fjoerwurk yn Dútslân - Foto: ANP

Boarnen melde oan de NOS dat it ferbod dit jier al yngiet. Dus allinnich sierfjoerwurk bliuwt tastien. Mei dy maatregel wol it kabinet it tal ynsidinten mei fjoerwurk ferminderje. Rurenga freget him ôf hoe't se dat hanthavenje wolle. "Als je nu iets doet wat niet mag, dan is de kans heel erg klein dat je gestraft wordt. De verleiding om illegaal vuurwerk te kopen wordt dit jaar wel heel groot, want het legale is niet meer te koop."

Diskusjes

By Rurenga syn saak is it sierfjoerwurk it populêrst, mar jonge minsken hâlde neffens him mear fan knalfjoerwurk. "En we gaan nu discussies krijgen. Want de zogeheten single shots knallen, maar er zit ook een lichtkogel in. Dus is het knal- of siervuurwerk?"

It is noch net dúdlik wat de finansjele gefolgen wurde foar fjoerwurkferkeapers. Oan de iene kant tinkt Rurenga dat er it wol fernimt yn de omset, mar oan de oare kant: "In Zweden is de vuurpijl al jaren verboden, maar daar gaat de verkoop gewoon door."

'Yllegaal fjoerwurk eksplodearret'

Hy hopet benammen dat de regearing wat docht tsjin it yllegale fjoerwurk. "Want dat gaat nu exploderen. Komen er extra controles? Aan het nu nog legale vuurwerk zitten in elk geval eisen verbonden, maar met illegaal vuurwerk raak je echt je hand kwijt als er iets misgaat. Het ligt niet aan het vuurwerk, maar aan het gedrag van mensen. Je moet je hoofd erbij houden."

Fjoerwurkferkeaper Jos Rurenga

(advertinsje)
(advertinsje)