De Doelleazen drok dwaande mei nij album en eigen festival

30 jan 2020 - 17:55

It begûn as in grap, mar ûndertusken binne se útgroeid ta ien fan de populêrste partyduo's fan Fryslân: De Doelleazen. De formule fan dj's Syb en Ronald wurket al mear as 10 jier. Op it stuit binne se drok dwaande mei in nij album en it organisearjen fan harren eigen festival, sa fertelden se tongersdei yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân.

Foto: De Doelleazen

De Doelleazen ferbouwe bekende en minder bekende nûmers ta Fryske feestmuzyk en dêr witte se mei te skoaren. Sa stiet it nûmer 'Strjitlizzer' yn it jaske fan De Doelleazen heger yn de Fryske top 100 as it orizjineel fan de band Bricquebec. It lêste album fan de manlju waard ek in sukses. Benammen it nûmer 'By Melle' is in grutte hit wurden en kaam nij binnen yn de Fryske top 100 op nûmer 26. Dat hie it duo net ferwachte. "It wie eins bedoeld as opfoller foar it album. It stiet ek midden tusken de oare nûmers."

Nij album

Ynkoarten komme De Doelleazen mei in nij album. Dêrfoar ha se it nûmer 'Hé Suzie' fan Henk Wijngaard opnaam, mei de bekende sjonger sels. "We komme Henk hiel faak tsjin by optredens en fregen him oft hy it leuk fine soe om it nûmer mei ús te dwaan. En hy sei: 'Dat is goed!'."

Festival

Syb en Ronald binne net allinnich drok mei it nije album, mar se sille ek in festival organisearje: it Doelleazen Festival. "It is eins it ferlingde fan ús jubileumfeest fan ferline jier, doe't we ús 10-jierrich bestean fierden", lizze se út. "Mar noch better, moaier en grutter." Se ha ûnder oare Johannes Rijpma frege, en fansels Henk Wijngaard.

It Doelleazen Festival sil op 30 maaie yn in tinte yn Bûtenpost hâlden wurde. De kaartferkeap giet kommende snein los fia de webside fan it feestduo.

Femke de Walle yn petear mei De Doelleazen

Kaarten foar it Doelleazen Festival binne takom wike moandei oant en mei tongersdei te winnen by Omrop Fryslân, yn it radioprogramma De middei fan Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)