Fryske fjildûle Romke bedarret yn Libië

30 jan 2020 - 17:45

In fjildûle dy't by Stiens bret hat, is ynienen opdûkt yn Afrika. Yn Libië om krekt te wêzen, op sa'n 350 kilometer fan Tripoli. Dat is 2600 kilometer ôf fan syn lêste posysje yn Fryslân.

Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Dizze ûle hat earder de namme Romke meikrigen doe't der mei help fan Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek op syn nêst fûn waard en in stjoerderke meikrige. Dêrfoar is de wurkgroep Grauwe Kiekendief ferantwurdlik.

Dat in folwoeksen fjildûle sa nei Libië fljocht, is hiel ûngewoan. Hielendal omdat der hjir yn Fryslân safolle mûzen binne. Romke Kleefstra: "Ik makke al in geintsje, want ik ha krektlyn noch nei Mauritanië west. Dus ik tink dat der my gewoan achternei flein is, mar de ferkearde ôfslach naam hat."

Romke Kleefstra oer Romke de fjildûle

(advertinsje)
(advertinsje)