Emma fan Harnzer Simon Vestdijk wint Europeeske oersetwedstriid

30 jan 2020 - 17:07

Emma Cremers út seis ateneum fan Simon Vestdijk yn Harns hat de earste priis wûn yn in Europeeske oersetwedstriid. Dielnimmers moasten in tekst oersette dy't gie oer hoe't learlingen har ynsette kinne foar it Europa fan de takomst.

Emma Cremers links - Foto: RSG Simon Vestdijk

Se mochten dat dwaan yn ien fan de 24 talen fan de Europeeske Uny. Ut alle lannen is ien winner keazen, Emma Cremers wûn foar Nederlân. Se mei in reis nei Brussel meitsje.

Juvenes Translatores

De wedstriid Juvenes Translatores wie opset troch de Europeeske Kommisje. Cremers wie ferrast oer de winst: "Ik had dit echt totaal niet verwacht! De prijs komt als een totale verrassing. Maar ik vind het echt heel leuk dat ik heb gewonnen!"

Mei alle oare winners út de oare EU-lannen nimt Cremers yn de maitiid de priis yn ûntfangst yn Brussel. Dêr komme se ek yn de kunde mei minsken dy't dêr as profesjoneel oersetter wurkje, om te sjen hoe't dat yn syn wurk giet.

(advertinsje)
(advertinsje)