De reedrydhúsfroulju: Gesellich en goed foar de sûnens

30 jan 2020 - 16:48

Der liket dit jier gjin natueriis te kommen, en dus tôgje tûzenen Friezen dizze winter nei ien fan de beide oerdekte iisbanen. Op Thialf meitsje se alle tongersdeis de baan beskikber foar in bysûndere groep: húsfroulju.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

De tongersdeitemoarn is populêr op Thialf: tsientallen minsken sitte om klokslach alve oere oan de kant harren redens ûnder te binen. In grut part fan harren heart by de húsfroulju, en -manlju, dy't meidogge oan de spesjale training fan Sijtje van der Lende.

"We hawwe fjouwer groepen en fjouwer trainers, en dan dogge wy oefeningen. Gewoan foar de wille", sa leit ien fan de dielnimmers út. De froulju en manlju binne goed taret, en in grut part fan harren hat ek in helm op. "Foar de feiligens!" Neffens ynstrukteur Pander moat dat ek wol, want der is in grut ferskaat oan leeftiden. De âldste dielnimmer is al yn de tachtich. "Mar wy hawwe se ek wol jonger, hear."

Op de training is der omtinken foar technyk, mar by de dielnimmers giet it ek om in stikje gesellichheid: "Mei-inoar leuke kontakten opdwaan, en yn beweging bliuwe!"

Harkje nei in reportaazje fan Jantine Weidenaar

Trefwurden: 
Thialf reedride iiswike
(advertinsje)
(advertinsje)