"We moatte no klassen nei hûs stjoere en dat wolle je net"

30 jan 2020 - 16:47

Sa'n fiiftûzen leararen út de noardlike provinsjes ha tongersdei yn Grins aksjefierd om omtinken te freegjen foar de problemen yn it ûnderwiis. It kabinet moat mear dwaan tsjin de wurkdruk, fine se. Neffens ûnderwizer Nelly Kingma fan De Wingerd yn Damwâld hat ûnderwiisminister Slob net goed yn de gaten hoe grut oft de problemen binne.

Learares Nelly Kingma:

"Ik tink net dat er troch hat hoe grut oft de urginsje is", seit se. "Dat witte je pas echt as je op de wurkflier binne. Want we fernimme noch hieltyd in tekoart op skoalle. It leararetekoart spilet noch altyd. We moatte klassen nei hûs ta stjoere, dat wolle je net."

En dus is Kingma mei har kollega's nei de aksjedei yn Grins. "We binne hjir mei in bus fol, want we moatte ús hearre litte. As je neat dogge, komt it ek net goed." Guon skoallen fiere aksje op in oare wize, sadat de bern wol nei skoalle ta kinne dizze dagen. Dêr hat Kingma begryp foar: "Dat snap ik hiel goed. Wy ha der ek oer neitocht, want no binne âlden der de dupe fan, dat fine we wol skande."

Elkoar opsykje

Fulco Hoekstra, dosint Ingelsk oan in skoalle yn Stienwyk, tinkt der oars oer. "Ik fyn it gjin goede saak dat de skoallen sels ek aksjes dogge. We moatte hjir mei elkoar wêze, elkoar opsykje. We stake net foar ús sels en foar ús lean, mar foar it ûnderwiis."

Learaar Fulco Hoekstra:

Der moat jild by komme, neffens Hoekstra. En dat is net foar it lean fan de leararen, want dat is net it grutste probleem. "It probleem is dat der gewoan te min jild is foar it hiele ûnderwiis. Dat moatte we sa ynrjochtsje kinne sadat we better lesjaan kinne."

Ien oplossing soene lytsere klassen wêze. Dat fernimt er sels ek. "Want der sitte ek learlingen tusken wêrfan't ik tink: wat moat ik hjirmei oan? En as in learling net goed funksjonearret, dan ha ik no te min romte om sa'n ien goed by te stean."

Trefwurden: 
ûnderwiis staking Grins
(advertinsje)
(advertinsje)