Gjin studinten foar de klasse yn Drachten, want NHL Stenden jout gjin tastimming

De aksje fan basisskoalle 't Foarhûs yn Drachten, wêrby't studinten oan de slach soene op de beide stakingsdagen, giet net troch. Hegeskoalle NHL Stenden hat gjin tastimming jûn oan de studinten om mei te dwaan. Neffens NHL Stenden meie studinten net samar oan sa'n aksje meidwaan.
Tongersdei en freed wurdt staakt yn it ûnderwiis © ANP
Der wie rebûlje ûntstien op Facebook en oare sosjale media om't de aksje de staking brekke soe. Ek soe der in misferstân wêze oer wat de studinten krekt dwaan soene op dy dagen. Sa wie it nea de bedoeling dat de studinten echt de lessen oernimme soene, mar sa is it troch guon op sosjale media wol opfette.
't Foarhûs betreuret dat de aksje net trochgean kin.