Noch in dei oant de Brexit: "Misschien nog wel drie jaar in onzekerheid"

30 jan 2020 - 15:32

Foar de ien wurdt it in feest, foar de oar in fertriet. Freed stapt it Feriene Keninkryk offisjeel út de Europeeske Uny. Wat foar ynfloed hat it op ús Friezen no eins? En wat fernimme we der sneontemoarn fan? Dosinte Justine Jones fan de oplieding European Studies seit it noch wol even duorret foardat alles dúdlik is.

Foto: Omrop Fryslân

Jones is sels heal-Britsk. "Maar ik hebben een dubbel paspoort, dus voor mij heeft de brexit niet heel veel gevolgen. In tegenstelling tot Britten in de EU of mensen met een EU-paspoort in het Verenigd Koninkrijk. Zij zullen er meer last van hebben." Yn de ôfrûne jierren, nei it referindum yn 2016, ha 72 Fryske Britten in Nederlânske nasjonaliteit oanfrege.

Noch lang ûndúdlik

Mar in protte bliuwt noch ûnwis, ek al is it referindum dus al sa'n 3,5 jier lyn. "Die onzekerheid heeft verschillende oorzaken", seit Jones. "De verwevenheid van het VK met de EU-lidstaten is zo'n complexe materie. Op juridisch gebied, op politiek vlak. Het was lastig om het allemaal te doorgronden. De Brexit zelf is duidelijk: je bent voor of je bent tegen. Maar om dat om te zetten in concrete wetten, dat is is heel lastig."

Neffens Jones is duorret it dêrom ek noch wol in skoft foardat alles dúdlik is. "Het VK en de EU hebben nu elf maanden om eruit te komen. En ook die transitieperiode kan weer twee jaar opgeschort worden. Dus mogelijk blijven we nog een kleine drie jaar in onzekerheid." Sels tinkt Jones dat alve moannen hiel ambisjeus is.

Je ziet nu dat andere landen voorzichtiger zijn, door al het Brexitgedoe.

Justine Jones

En wat betsjut it foar de takomst fan oare lannen yn de EU? "De Britten hadden al heel lang een lastige relatie met de EU. Dat zien we in wel meer lidstaten, maar bij de Britten is dat al sinds 1973 zo. Als de Brexit helemaal is afgerond, kunnen we pas zien wat het voor andere lidstaten gaat betekenen. Als zij vertrekambities hebben, kunnen ze dan zien of het het waard is of niet. Je ziet nu dat andere landen voorzichtiger zijn, door al het Brexitgedoe."

Dosinte Justine Jones fan de oplieding European Studies

(advertinsje)
(advertinsje)