Ids Willemsma hat de iisleafde sa djip, dat er ek sûnder teanneils noch rydt

30 jan 2020 - 15:06

Beferzen teannen, de tosken derút, keunstner Ids Willemsma fan Easterwierrum hat yn syn libben al hiel wat 'iisferwûnings' oprûn. En dochs bliuwt it kribeljen, elke kear as de termometer ûnder it friespunt sakket.

Willemsma mei hûn Foekje foar de waarme kachel - Foto: Omrop Fryslan

De houtkachel stiet oan, de wintermûtse is op en hûn Foekje leit oan 'e fuotten. Keunstner Ids Willemsma hat in wier smûk winterhoekje yn syn loads ynrjochte. In moai plakje om ris te praten oer syn leafde foar it reedriden. "Dat riden op natueriis is moai. Dat lûd allinne al. Dat rotteljen!"

De leafde foar it riden sit sa djip, dat er ea it risiko naam hat om in grutte keunstopdracht mis te rinnen. Yn syn stoel foar de kachel fertelt er dat er inkelde jierren lyn syn plannen presintearje moast, krekt op in sneontemoarn dat it tige moai reedrydwaar wie. "Ik haw my dy freedtemiddeis siik meld by de Hollanners. Ik sei dat ik koarts hie en ûnmooglik nei de gearkomste koe."

Willemsma mei syn redens - Foto: Omrop Fryslan

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar by Ids Willemsma (1)

Yn stee dêrfan wie Willemsma de feart út. "Fan Drylts oant Heech koene wy ride!" Skuldich hat er him nea field, en úteinlik hat er wûnder boppe wûnder de opdracht ek noch krigen. By de presintaasje moast er doe syn 'iiskoarts' opbychtsje. "Mar dat hiene se dêr al lang troch!", laket Willemsma.

Friese Doorlopers

Krekt njonken de waarme sithoeke, stiet de wurkbank fan Willemsma. As er frege wurdt nei syn redens, komt er mei in hiele seleksje nei foaren. Under oare de echte Friese Doorlopers, dêr't er eartiids de Alvestêdetocht noch op riden hat. In barre tocht, want de leafhawwer út Easterwierrum hie gjin wettertichte skuon oan dien: "Ik haw myn teannen yn '85 allegearre beferzen hân", fertelt er. "Doe binne alle neils dêrôf gien, wêrnei't ik yn '86 de tocht nochris riden haw, sûnder neils!"

De beide tochten hawwe him wol gefoelige fuotten opsmiten, fandêr ek dat de keunstner altyd op klompen rint. "Dat hat neat mei imago te krijen!"

Foto: Omrop Fryslan

Eine-termometer

Njonken in eigen metoade om redens te meitsjen en te ûnderhâlden, hat de iisleafhawwer ek in eigen metoade om oan te fielen oft der in echte iistiid oan sit te kommen. Dêrfoar moatte wy nei de efterein fan de loads. "Ik haw altyd einen, hinnen en guozzen hân", leit er út wylst er de efterdoar iependocht. Mei in bakje foer stapt er dêrnei syn eftertún yn, om in ferskaat oan fûgels te fuorjen. "As de einen net mear yn it wek hjir sitte kinne, dan gean ik op 'e sleat stean. Dan doch ik myn redens ûnder en gean ik der op út."

Oft dat dit jier noch slagje sil, dat is ôfwachtsjen.

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar by Ids Willemsma (2)

Fan moandei 27 jannewaris oant en mei snein 2 febrewaris is de iiswike by Omrop Fryslân te folgjen op radio, telefyzje en online. Ek is der in spesjale muzykstream op omropfryslan.nl te finen mei muzyk fan de iisbaan. Mear ynformaasje oer de iiswike en de aksjebetingsten om kâns te meitsjen op de keunstiisbaan binne te finen op omropfryslan.nl/iiswike.

Trefwurden: 
redens Ids Willemsma iiswike
(advertinsje)
(advertinsje)