HEA! Fyftich jier by deselde baas

Pieter Zeldenrust fan Starum wurket al fyftich jier by it bedriuw Hubert yn syn wenplak. As 16-jierrige jonge sollisitearre hy dêr en waard er oannommen. Hy hat der nea spyt fan hân. Zeldenrust hat alles leard op it mêd fan laskjen en hat it altyd machtich wurk fûn. Hy rekket net útpraat oer syn wurkjouwer en syn kollega's. Nea hat er der oan tocht om wat oars te dwaan. Alle dagen op it fytske nei it wurk, better kinne je it net treffe. Dizze tongersdei is syn lêste wurkdei en dat sil wennen wurde foar Pieter. Mar hy sjocht it sitten en krijt no wer de tiid foar oare saken.
HEA! fyftich jier laskje