Cambuur makket him op foar drege útwedstriid tsjin NEC

30 jan 2020 - 14:13

Cambuur makket him op foar de drege útwedstriid tsjin NEC. De Ljouwerters hawwe sûnt 1987 yn kompetysjeferbân net mear wûn yn Nijmegen. Yn de seleksje fan Cambuur sit ek nijeling George McEachran. De 19-jierrige Ingelskman komt oer fan de beloften fan Chelsea FC en is foar de rest fan it seizoen hierd fan de klup út Londen.

De nije middenfjilder George McEachran:

In bûtenkânske foar de Ljouwerters en trainer Henk de Jong is der bliid mei. "It is in goeie fuotballer. In middenfjilder. Yndied, dêr hawwe we al de nedige spilers foar, mar der binne ek geregeld blessueren. En de bêste moat spylje."

Sykjen nei rjochtsback

Cambuur woe ek Rico Zeegers fan PSV helje, mar hy kaam troch problemen mei de knibbel net troch de medyske keuring. Cambuur bliuwt sykjen nei in rjochtsback. De transferperioade slút freed om 00.00 oere.

Cambuur-trainer Henk de Jong:

Cambuur moat it yn Nijmegen dwaan sûnder David Sambissa. De Frânske ferdigener is skorst. Syn ferfanger is Alex Bangura. Oan de rjochterkant fan de ferdigening is Doke Schmidt wer werom. Hy spile in oantal ûngelokkige wedstriden, wêrnei't Henk de Jong him yn beskerming naam hat.

"Doke moast der ûnferwachte rap yn, nei it útfallen fan Jordy van Deelen. Dan giet it de earste wedstriden hiel goed, mar dan komt de weromslach. Doe haw ik it beslút naam om Doke efkes út de wyn te hâlden. Hy is no werom en is hiel fit."

Korte wer fit

Giovanni Korte heakket dizze wike ek wer oan by de seleksje. De oanfaller hat lang blessearre west, mar kin no wer spylje. Stanley Akoi, Issa Kallon en Sven Nieuwpoort binne noch altyd blessearre.

Henk de Jong ferwachtet in drege wedstriid yn Nijmegen. "Sy spylje hiel kompakt en it is in swier fjild dêr. In lestige tsjinstanner, mar sy fine ús ek in lestige tsjinstanner."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal NEC
(advertinsje)
(advertinsje)