Tûzenen dosinten fiere aksje yn Grins: "Het is een geweldig beroep"

30 jan 2020 - 13:24

Tûzenen minsken út it ûnderwiis kamen tongersdei oan de ein fan de moarn byinoar yn de Grinzer binnenstêd. Op de Vismarkt fierden leararen aksje om omtinken te freegjen foar de problemen yn it ûnderwiis. Se wolle dat it kabinet mear docht tsjin de wurkdruk yn it ûnderwiis en dat der in strukturele oplossing komt foar it leararetekoart.

Bestjoerder Hayo Bohlken fan ûnderwiisbûn AOb:

Nei alle gedachten wiene der sa'n 5.000 aksjefierders yn de Grinzer binnenstêd. "De opkomst doet mij goed", fertelt bestjoerder Hayo Bohlken fan ûnderwiisbûn AOb.

"Het is een geweldig beroep"

"De Vismarkt hier in Groningen liep vol. We moeten voor elkaar krijgen dat meer mensen voor het onderwijs kiezen, zodat mensen weten dat het een mooi beroep is. Want het is een geweldig beroep!"

It is foar it earst dat de ûnderwizers twa dagen stake. Ek freed bliuwe in soad skoallen ticht.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Njonken de wurkdruk en it tekoart oan dosinten komt ek it ferskil yn salaris tusken it middelber- en basisûnderwiis nei foaren. "Wy binne it fundearjend ûnderwiis", fynt Folkert Hoekstra, dy't ek yn de Grinzer binnenstêd stie. "Dêr moatte ek de minsken yn it basisûnderwiis fan profitearje. Ik fyn dat minsken dy't itselde wurk dogge, ek itselde salaris fertsjinje."

"Wy bliuwe aksjefieren"

Te sprekken oer ûnderwiisminister Slob, is Hoekstra net sa bot. "Ik tink wol dat hy oertsjûge is fan de urginsje fan de problemen, mar hy docht te min foar ús. Ik hoopje dat wy úteinlik sizze kinne dat hy it oplost. Oant dy tiid bliuwe wy aksjefiere."

Jouke de Vries fan de Ryksuniversiteit yn Grins:

Trefwurden: 
ûnderwiis staking Grins
(advertinsje)
(advertinsje)