Beammen kapt by Earnewâld om feilichheid op farrûte te ferbetterjen

Yn Earnewâld is tongersdei begûn mei it kappen fan beammen lâns de farrûte nei Drachten ta. It is ien fan de maatregels om de feilichheid op it wetter te fergrutsjen. Oer in stik fan goed in kilometer wurde beammen fuorthelle om it sicht foar de berops- en plezierfeart te ferbetterjen. Minsken soene har ûnfeilich fiele, omdat se grutte skippen net altyd goed oankommen sjogge.
Beammekap by Earnewâld
Op it wetter by Earnewâld wie it offisjele begjin fan it kappen, mar ek by Terherne wurde de saneamde sichtlinen oanpakt. Neffens inisjatyfnimmer CDA-steatelid Rendert Algra is dat hurd nedich: "Ast in tichte bebosking hast, sa as hjir oan de kant by de farwei nei Drachten, sjochst de minsken dy't om de bocht komme net oankommen. Minsken dy't farre mei in lyts boatsje, sjogge in grut skip dan ek net oankomme."
© Omrop Fryslân
De lêste 25 jier binne der in soad beammen by kommen yn it gebiet en Algra is dan ek bliid dat se fuorthelle wurde. Al fynt hy dat der noch net genôch kapt wurdt. "Op de farwei sels sjochst no de skippen oankommen, mar dan wurdt der noch hieltyd te min rekken hâlden mei skippen dy't út it sydwetter komme. Yn de simmer komme dêr just de lytse boatsjes wei en dy skrikke harren in ûngelok, sûnder dat se in ûngelok krije, fan dy grutte skippen."

Te betiid foar konklúzjes

Neffens deputearre Avine Fokkens is it no noch te betiid om te konkludearjen dat der net genôch kapt wurdt. Ferline jier is der ûndersyk dien nei de feilichheid op it wetter by Earnewâld en Terherne en dêrút die bliken dat der gjin ûngelokken west ha. "Ook geen bijna-ongelukken, dus dat is heel positief", seit se. "Maar er zijn wel mensen die een gevoel van onveiligheid ervaren." Dat hat dan ek de grutste reden west, om te sjen hoe't de feilichheid ferbettere wurde kin.
Ferslachjouwer Arjen de Boer yn petear oer de beammekap by Earnewâld
© Omrop Fryslân