Fryske hynders kinne net nei Sina troch coronafirus

30 jan 2020 - 11:08

Fryske hynders kinne troch it coronafirus net op transport nei Sina. Se kinne net mei de fleanmaatskippijen dy't de hynders ferfiere, om't dy de flechten nei it lân annulearre ha. De hynders sels binne net hiel gefoelich foar it firus, mar de begelieding en de crew oan board fan it fleantúch wol. Dêrtroch moatte de hynders foarearst yn de stâlen bliuwe.

Fryske hynders - Foto: Shutterstock.com

Fryske hynders dy't oan Sinezen ferkocht wurde, fleane mei Lufthansa nei it lân yn Azië. Mar no't dy alle flechten annulearre hat fanwege it coronafirus, kinne ek de hynders net mear mei. Ek oare maatskippijen, lykas KLM, fleane net mear mei hynders.

Ferkeapers fan Fryske hynders soene noch útwike kinne nei maatskippij CargoLux yn Lúksemboarch. "Maar het is afwachten hoelang het duurt voordat ook zij vliegroutes naar China gaan cancelen", fertelt Pascale Drijfhout fan Horses2Fly út Jistrum. De flechten mei hynders dy't annulearre binne, wiene dy fan 12, 15 en 18 febrewaris.

Karantêne

Hynders dy't oan Sina ferkocht wurde, wurde earst yn karantêne set. "De paarden staan eerst een maand in Nederland in quarantaine, vliegen vervolgens naar China en staan daar weer een maand in quarantaine", fertelt Drijfhout.

By har kinne minsken de hynders yn karantêne sette litte, as se dy bygelyks ferkeapje oan in lân dêr't karantêne fereaske wurdt. "Ik ben blij dat we op dit moment geen paarden hebben staan die naar China vervoerd worden", fertelt se. "De paarden die nu in quarantaine staan voor transport naar China, moeten daar nu in blijven totdat er een oplossing is gevonden."

Noch gjin gefolgen

Dat de hynders langer yn karantêne bliuwe moatte, hat neffens Drijfhout gjin gefolgen foar it wolwêzen fan de bisten. Ek hat it noch gjin finansjele gefolgen foar it bedriuw. "Een ziekte bij paarden is een veel grotere strop", seit se. Ek hat it noch gjin ynfloed op de hannel. "Je zult dat uiteindelijk wel gaan merken, maar nu nog niet. Mensen wachten het nog gewoon af."

De hynders dy't yn Sina yn karantêne stean, kinne nei in moanne wol nei bûten. Dy hynders steane al yn it lân en se binne net sa gefoelich foar it firus dat se der siik fan wurde.

Pascale Drijfhout fan Horses2fly yn Jistrum

(advertinsje)
(advertinsje)