Cambuur hiert 19-jierrige McEachran fan topklup Chelsea FC

30 jan 2020 - 10:47

Sportklup Cambuur hat him fersterke mei de 19-jierrige George McEachran. De Ingelskman komt op hierbasis oer fan de topklup Chelsea FC.

Neffens technysk manager Foeke Booy is de Ingelskman in wolkomme fersterking fan de Ljouwerter ploech. "Met George halen we iemand binnen die met zijn traptechniek, spelinzicht en loopvermogen een wedstrijd open kan breken. George is bovendien een echte verbindingsspeler en met zijn specifieke kwaliteiten een welkome versterking."

Middenfjilder McEachran hat by Chelsea de jeugdoplieding trochrûn en spile by de jeugdteams fan de Ingelske topklup.

Foto: AWfoto
(advertinsje)
(advertinsje)