Guozzesaakkundige twivelet oan guozzeskea

30 jan 2020 - 09:42

It tal guozzen dat winterdeis nei Nederlân lûkt, nimt ôf. Dat lit Sovon Vogelonderzoek witte. Mar dat sjogge je net werom yn de skea dy't claimd wurdt, seit ûndersiker Henk van der Jeugd fan it Nederlands Instituut voor Ecologie. En dat is frjemd, fynt er.

Koartlyn kaam der noch in ûndersyk nei bûten dêr't út bliken die dat tsjin de tiid dat de boer it gers fan it lân hellet, der yn acht fan de tsien gefallen eins neat mear te sjen is fan guozzeskea. De skea soe te betiid fêststeld wurde.

Van der Jeugd is dan ek dúdlik oer wat der neffens him mei de skearegeling barre moat: "Persoonlijk zou ik denken dat met name de compensatie voor schade op grasland wel wat minder kan of misschien zelfs helemaal afgeschaft kunnen worden."

Fûgels bliuwe hingjen

Dat der minder guozzen komme, is yn Fryslân al in pear jier dúdlik. Neffens Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek bliuwe der op it stuit in soad hingjen yn Noard-Dútslân, mar ek yn Súd-Sweden en Denemarken.

Dêr is ek genôch fretten te heljen wêrby't de minder strange winters in rol spylje. En as de fûgels tichter by harren briedgebieten oerwinterje kinne, sille se dat net litte.

Foto: Hans Pietersma

It ferhaal fan de guozzen yn en bûten Fryslân komt it kommend wykein ek foarby yn de FryslânDOK Winterwaar op komst. De dokumintêre is te sjen op 1 febrewaris 15.30 oere, NPO2 (Nederlânske ûndertiteling, werhelling 2 febrewaris 13.10 oere) en op 2 febrewaris 17.00 by Omrop Fryslân (werhelling alle oeren). De útstjoering is hjir dan online ek te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)