Kollum: "IIsgitaar"

30 jan 2020 - 08:10

"It is iiswike by de Omrop, al is ûndúdlik wêrom, mar it jout my in gelegenheid om te fertellen oer myn nuvere oantinken oan 'e Alvestêdetocht. 4 jannewaris 1997 wie ik noch mar in broekje, mar ik spile al yn in band.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Us útfalsbasis wie Skearnegoutum, it earste doarp oan 'e Alvestêderûte. En wy waarden as band frege oft wy muzyk meitsje woene by it momint dat de wedstriidriders dêr foarby kamen. Der waard in lege frachtwein neist de brêge parkearre, en dêr hawwe wy op spile.

Ik spylje gitaar. En gitaar is in ynstrumint wêrby't it frij krekt komt watsto mei dyn fingers dochst. It waar op in dei fan in Alvestêdetocht is foar soks spitigernôch net sa geskikt, noch ôfsjoen fan it feit datst yn elts gefal fernikkelest, ast sels net oan it reedriden bist. Mar der wie noch in oar probleem, dat folle grutter wie

Yn it jier foar de tocht, hie ik in grutte stap setten. Mei it spyljen gie it net sa min en ik hie der in protte wille fan. Ik kaam yn dat bandsje, en dat wie foar my in moaie en wolkomme útdaging; myn kollega's yn 'e band wiene fierder yn 'e muzyk as ik sels wie, en der is gjin bettere learskoalle as soks. We spilen hieltyd faker op brulloften en oare feestjes, en de apparatuer dy't we brûkten waard ek hieltyd better. Dus moast ik ek neitinke oer better guod, en foaral in bettere elektryske gitaar.

By Heins yn Snits hie ik ien hingjen sjoen, dy't werklik skitterjend wie. In twaddehânsk Paul Reed Smith; yn prachtige blauwe lak dêrt'st de houtstruktuer trochhinne sjen kinst. In donkere toets op 'e hals en mei in lûd dat my wier betovere! Dy gitaar woe ik hiel graach ha, mar it soe my hast alle sparsinten kostje dy't ik yn 'e ôfrûne jierren garre hie mei it wurk op 'e buorkerij. Ik die it. En wat in ynstrumint; ik ha der jierren op spile, mei hieltyd mear wille.

En ik tink dat it yn dyselde winter wie, dat de mem fan in freondinne fan my de doar op har balkon op in kier sette, om efkes te luchtsjen. De mem hie oer de holle sjoen dat de klarinet fan dy freondinne neist dy doar stie. Gefolch: it hout fan de klarinet wie skuord. Dit ferhaal hie ik noch foar yn 'e holle sitten, doe't wy as band frege waarden om op 'e betide moarn fan 4 jannewaris 1997 by it iis te spyljen yn 'e stjerrende kjeld. No way dat ik dêr myn moaie, djoere Paul Reed Smith oan bleatstelle soe.

In oplossing tsjinne him oan doe't we in twadde gig krigen, op 'e selde dei, by in bedriuw yn in doarp fierderop oan 'e rûte. Ek bûtendoar. Mei beide putsjes byinoar fertsjinne ik krekt genôch. Ik kocht de goedkeapste elektryske gitaar dy't ik fine koe. In iisgitaar. Dy mocht fan my mei nei bûten, en eventueel stikken gean.

Wat in weardeleas ynstrumint wie dat. Alteast, mei de kjeld koe dizze ek net om gean; ik krige 'm mar net goed stimd. Of it wiene myn fingers dy't net goed dwaan woene wat nedich wie. Of it wiene de mofkes dy't ik oan hie, dy fingerleaze wanten; om gitaar te spyljen brûkst ek de wjerstân tusken dyn hân en de hals fan 'e gitaar, en dy is der net mear, mei in stik stof der tusken. It is mar goed dat yn 1997 net elkenien mei in mobyltsje yn 'e loft stie om alles te filmjen, want dit optreden moat it meast falsk klinkende fan dit bandsje ea west ha. Je sille der mar by del reedride moatte. Mar it wie in moaie stunt! It wie in te gekke dei, en fan 'e wedstriid sels ha ik net iens safolle meikrigen. Mar ik koe dat dwaan wat ik it leafst die: gitaar spylje. In prachtige oantinken oan dy iisdagen fan trijentweintich jier lyn.

De iisgitaar ha ik bewarre foar in eventuele lettere Alvestêdetocht. Mar dy kaam net. Doe ha ik 'm mar omboud; ik sette in pear LED-lampkes ûnder de snaren dy't dan read hinne en wer knipperen, as in soarte fan Knight Rider. Seach der wol spektakulêr út. Mar it fernielde de gitaar noch fierder, want de lampkes soargen foar steuring yn it lûd. Ik ha 'm noch in pear kear brûkt, en doe mar fuort dien.

Under de streep ha ik dy dei 25 gûne fertsjinne mei dy iisgitaar. De Paul Reed Smith ha ik noch altyd, en dy giet ek nea wer fuort."

(advertinsje)
(advertinsje)